Skip to content

LêsNo

Kado foar bern út de ûnderbou FU

“Ik plak alles oan elkoar en soargje dat der jild komt”, dat is de beskieden útlis fan Gertrud Palstra (adviseur meartaligens en Frysk by Fers) oer har rol by prachtprojekt ‘LêsNo’. It lêsbefoarderingsprojekt Frysk fan Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, dat begjin 2021 har sânde edysje belibbe. Altyd mei stipe fan de provinsje. Fjouwer kear al wie ek Omrop Fryslân belutsen. Halbe Piter Claus, programmamakker by de Omrop: “It is tûk as je mei in searje of vlog meardere lagen fan in ferhaal fertelle kinne”.

It projekt kaam yn 2015 ta stân op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk, weryn’t de Fryske taalorganisaasjes gearwurkje. “De fraach wie: skriuw in plan foar it fergrutsjen fan de lêswille by de jonge doelgroep”, fertelt Gertrud Palstra. “We kamen der al gau op út dat we in boek jaan moasten oan de bern, dan is der ynienen in Frysk boek yn ‘e hûs. En dat we saken tafoegje moasten. Sa as lesmateriaal, mar bygelyks ek in game. Ek wie it al gau dúdlik: as we dit wolle, moat elke organisaasje minskkrêft ynsette.” En dat barde ek, LêsNo is ek op it mêd fan gearwurking in foarbyld: “Eltsenien wurket fanút harren ekspertize. Mei in dield belang, mei in dúdlik doel. We hawwe wolris diskusje, mar altyd oer de ynhâld”, jout Gertrud grutsk oan. Dat is mei oan har te tankjen seit Halbe Piter Claus: “Gertrud hat elkenien by inoar brocht. Sa kin je mei in beheind budget dochs in soad dwaan”.

“Ynsette op nije dingen”
Al by de twadde edysje fan LêsNo, yn 2016, kaam Omrop Fryslân yn byld as partner. De skoal-tv-searje ‘De koers’ wie de ynspiraasjeboarne foar in boek. Yn 2017 wie der ek de kombinaasje boek-searje, yn 2018 de komby boek-game. Yn 2020 gong it hielendal ‘los’ mei vlogs. Halbe Piter: “It giet net sa goed mei it Frysk. Dan kin je twa dingen dwaan: it selde dwaan bliuwe, of neist is besteande ek ynsette op nije dingen. Ek neist skoalle. De Jennifer-vlogs wiene in eksperimint om fiksje en wurklikheid te miksen. Boppedat wie der ek ynteraksje mei de bern, se koene appe mei Jennifer en dat diene se ek. Ynnovaasje kin mislearje, mar dit gong daliks goed. Wês dêr wêr’t de bern binne en it berik is folle grutter. It die ek blieken dat bern online wol in soad Frysk skriuwe. Dat sjoch je oars net, om’t it op plakken bart wêr’t wy it net sjogge.” Halbe Piter nimt dizze wize fan wurkjen ‘transmediaal’: “It ûnderwiis hat hjoed-de-dei in soad te dwaan en der is in grins oan wat dosinten dwaan kinne. As je skoalle mei thús ferbine en der ek noch maatskiplike organisaasjes by oanslute litst, dan is de ‘spin-off’ fan it boek tagelyk goeie marketing”. Op it yn in boek behanneljen fan maatskiplike tema’s kaam ek wolris krityk: “It boek fan 2019, ‘Sex to the Max’, wie hiel moai mar hie in ‘gewaagd’ ûnderwerp. Der wie diskusje mei in tal skoallen oft it wol geskikt wie foar 12- en 13-jierrigen. Dan kin je sizze ‘de dosinten binne konservatyf’, mar do moatst ek betinke dat se in klasse mar ien oere yn de wike hawwe. Dus it projekt is ek in moaie syktocht nei de júste oanpak.”

“LêsNo as kado”
Undertusken wurket de LêsNo-projektgroep al in moai skoftsje oan in kolleksje nije, Fryske ‘young adult’-boeken. Der is in gearwurking mei de GGD opset, sadat it tema in oanlieding is om it boek ek op oare mominten op skoalle te bepraten. Ek is ûntdutsen dat it wichtich is dat der in hechte ferbining is tusken boek, lesmateriaal en ekstra medium. Troch it sukses soe LêsNo yn 2021 in lanlike pilot krije mei in vlogsearje dy’t yn it bûtenlân spilet, moar dat koe troch covid-19 net trochgean. Der is dochs in prachtige edysje kommen, mei in nij boek fan Tialda Hogeveen en in link mei talintejacht Sjong. Takom jier komt de lanlike pilot der wol. Falt der noch wat te dreamen? Gertrud: “Ik hoopje dat de bern alle jierren útsjogge nei LêsNo; dat it fielt as in kado. Dat se rekke wurde troch de ferhalen en der riker fan wurde. Ek hoopje ik dat LêsNo de drompel ferleget om Frysk te lêzen en te skriuwen. Allinnich in taal sprekke soarget foar ferearming fan dy taal. In boek fergruttet dyn wurdskat.” Halbe Piter slút him der by oan: “Taal wurket allinnich as je dy taal brûke. As programmamakker wol ik impaktfolle kontent meitsje; ferhalen fertelle wêrmei’st bern fierder helpst yn it libben. Mar der heart in boek by. Lêze lit dy op yntime wize kennis meitsje mei tema’s as bygelyks rou en ferlies.” Hy hopet dat de lanlike pilot nije kânsen biedt foar it Frysk. It is fansels ek wol spannend. Gertrud: “De útdaging is dat we de ferbining mei it regionale en de geweldige enerzjy mei de partners fêsthâlde.”

Oantal dielnimmers
2015 / Ate Grypstra – ‘Krús fan de Hollander’: 1.895 learlingen, 13 skoallen
2016 / Bart Kingma – ‘De deikoersen fan Remco’: 2.920 learlingen, 19 skoallen
2017 / Hanneke de Jong – ‘Wês net bang’: 4.038 learlingen, 31 skoallen
2018 / 6 skriuwers – ‘Nei de top’: 3.233 learlingen, 27 skoallen
2019 / Bart Kingma – ‘Sex to the Max’: 2.903 learlingen, 22 skoallen
2020 / Anita Terpstra – ‘The Challenge’: 3.805 learlingen, 29 skoallen
2021 / Tialda Hoogeveen – ‘Wurden fan Timo’: 4.033 learlingen, 31 skoallen

| Headerfoto: Fers
| Foto Gertrud Palstra: Fers
| Foto Halbe Piter Claus: Ismael Lotz
| Video's trailers: LêsNo en Cedin

| Headerfoto: Fers
| Foto Gertrud Palstra: Fers
| Foto Halbe Piter Claus: Ismael Lotz
| Video's trailers: LêsNo en Cedin